Boumantsje

Ut Wikipedy
boumantsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje piperfûgels (Motacillidae)
skaai boumantsjes (Motacilla)
soarte
Motacilla alba
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

It boumantsje of boumantsjewipsturt (Motacilla alba) is in 18 sm grutte fûgel út de famylje fan de piperfûgels.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It boumantsje sit opfallend swart-wyt in de fearren. Hy hat in wite kop mei in swarte kiel en kape. Fierder hat er in grize rêch en syn wjukken hawwe swart-wite streken. Hy hat in wite búk. De fûgel hat lange fine poaten en in lange swarte sturt. It is in drok fûgeltsje dat op de grûn rûntripket en dan sa no en dan stil stean bliuwt wêrby't hy karakteristike wippende bewegingen makket mei syn sturt. Dêrfandinne ek de namme 'boumantsjewipsturt'.

Poetsend boumantsje en jonge fûgel

It swart boumantsje wurdt ek wol as ûndersoarte fan it boumantsje rekkene. Hy ferskilt fan it boumantsje troch syn swarte rêch (by boumantsje griis). Dêrtroch liket er folle donkerder.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boumantsjes binne in protte yn it iepen fjild te finen, meast yn de buert fan wetter. Ek komme se wol tichtby de minsken yn doarpen, op buorkerijen ensfh. It boumantsje komt foar yn hiel Europa. Yn it noarden, easten en sintraal Jeropa is it in trekfûgel mar yn it westen en suden komt er it hiele jier foar.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It boumantsje yt meastentiids ynsekten, foaral miggen, neven en mychammels.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wyfke bout in nêst yn in holte, bygelyks yn in muorre, in hol yn in beam, in stapel boumateriaal. Meastentiids wurde twa kear per jier 5-6 aaien útbret. It wyfke sit sa'n 12 oant 15 dagen op de aaien te brieden. Dêrnei wurde de jongen twa wike lang troch beide âlden fuorre foardat se útfleane.

Aaien fan it boumantsje